Basketballers Aris kinne dochs troch yn basketbalkompetysje

11 jun 2017 - 13:19

De basketballers fan Aris út Ljouwert kinne nettsjinsteande de finansjele swierrichheden yn it nije seizoen dochs wer meidwaan oan de Nederlânske basketbalkompetysje. Dat hat it bestjoer fan de klup sneintemiddei bekend makke. Troch it ôfheakjen fan de haadsponsor fan Aris waard dielname oan it nije basketbalseizoen ûnwis.

De klup hat de ôfrûne tiid de begrutting foar it grutste part dochs folje kind, wêrtroch't Aris troch kin yn de kompetysje. It wurdt foar de basketballers it fjirtjinde jier op rige yn de heechste difyzje fan it nasjonale basketbal.

Trefwurden: 
Aris Ljouwert basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)