Nachtlike sponsorloop foar flechtlingen yn Ljouwert

11 jun 2017 - 12:34
Kuierders yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Berber Hania

Vluchtelingenwerk Noord-Nederland en Amnesty Ljouwert hâlde yn de nacht fan 17 op 18 juny in sponsorloop. Under de namme Rondje voor de Vluchteling wurdt omtinken frege foar flechtlingen oer de hiele wrâld en yn it bysûnder foar dy yn Ljouwert. Fan it jild dat de dielnimmers by elkoar rinne, wurdt bygelyks sportklean foar de flechtlingen kocht of in twaddehânks kompjûter foar skoalwurk.

Der wurdt goed seis kilometer rûn, jûns fan alve oere ôf. Op 20 juny is de ynternasjonale dei fan de flechtling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)