300 kilo kokaïne oantroffen op Belgyske fiskersboat yn Harns

11 jun 2017 - 14:00

De plysje en de dûane hawwe sneontejûn op in Belgyske fiskersboat yn Harns goed 300 kilo kokaïne mei in strjitwearde fan miljoenen euro's oantroffen. Dat hat de FIOD, de fiskale opspoaringstsjinst, sneintemiddei bekend makke. Der binne ek fiif minsken oanhâlden: trije Nederlanners, in Poal en in man út Montenegro. De fertochten wurde snein foardroegen oan de rjochter-kommissaris. 

It skip waard troch de Kustwacht en in plysjeboat de haven ynfearn. Der wie sneintemoarn in soad plysje en dûane yn de haven oanwêzich, yn totaal gie it om sa'n tritich minsken. It skip leit oan in ketting yn de haven en is ynsletten troch in plysjeboat. It ûndersyk is oerdroegen oan de FIOD.

De kotter is yn 2015 kocht troch Johannes en Jocgem Nentjes en Pieter Post en omdoopt ta 'Dubbele Senior'. It skip is yn 2002 ôfboud by Welgelegen yn Lauwerseach en yn 2011 ferlingd yn Frjentsjer. 

(advertinsje)
(advertinsje)