Aksje tsjin gebrûk mobile telefoan yn de auto

11 jun 2017 - 11:31

Rykswettersteat, de plysje en it Iepenbier Ministearje binne in aksje begûn om it gebrûk fan de mobile telefoan achter it stjoer tsjin te gean. Se hawwe op Facebook in wedstriid útskreaun foar de ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Sy wurde oproppen om te beloven harren telefoan ûnder it riden net yn 'e hân te hâlden. De provinsje dêr't de measte ynwenners dizze belofte dogge, wint de aksje.

Ut de winnende provinsje wurdt ien persoan lotte, dy't dan in kear mei mei op in plysjekontrôle yn de eigen regio. De aksje rint oan en mei 21 juny. De wedstriid is ûnderdiel fan de kampanje A7? Attent!, wêryn't Rykswettersteat en de plysje wurkje oan in feiligere A7. De plysje kontrolearret ekstra op de sneldyk en Rykswettersteat stipet de kontrôle mei online foarljochting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)