IFKS hopet op ûntheffing foar te lange skûtsjes

11 jun 2017 - 10:45

It bestjoer fan de IFKS ropt minister Schultz van Haegen op ûntheffing te jaan foar goed tweintich skûtsjes, sadat dy dochs meidwaan kinne oan de kampioenskippen. De skûtsjes dêr't it om giet binne krekt wat langer as tweintich meter, en meie dêrom troch de nije regeljouwing net op binnenwetter farre. Dat wylst inkelde skûtsjes mar in pear sintimeter langer binne as no tastien is. Dy soene neffens de regels net mear dielnimme meie oan de Fryske kampioenskippen skûtsjesilen.

De skippen kinne wol oanpast wurde, mar dat is yn de measte gefallen fierstente djoer, sa seit de IFKS. It bestjoer hopet dat de minister yn dit gefal in útsûndering makket.

(advertinsje)
(advertinsje)