Sytse Bokma wint it fierljeppen yn Winsum

11 jun 2017 - 07:53
Foto: Martin de Jong

Fierljepper Sytse Bokma fan Hylpen hat sneontejûn foar it earst in wedstriid yn de topklasse by de senioaren op syn namme skreaun. Yn Winsum sprong er in ôfstân fan 20.59 meter, en dat wie goed foar it earste plak. Ysbrand Galama fan It Heidenskip (19.24 meter) einige op in twadde posysje, folge troch Hannes Scherjon (17.72 meter) fan Noardburgum. It is by de manlju de fjirde ferskillende winner fan in fierljepwedstriid op rige.

By de froulju gie de winst yn Winsum nei Marrit van der Wal. Sy hold mei 15.48 meter har konkurrinten Anneke Broersma (13.16 meter) en Melanie Heins (12.83 meter) op flinke efterstân. Winners yn de oare kategoryen wienen Freark Kramer fan It Heidenskip by de junioaren (18.87 meter), Jarich Wijnstra fan Tsjom by de jonges (16.74 meter) en Sigrid Bokma fan Hylpen by de famkes (14.41 meter).

(Advertinsje)
(Advertinsje)