Fytsles foar allochtoane ynwenners fan Menameradiel

10 jun 2017 - 21:19

Minsken fan bûtenlânske komôf yn de gemeente Menameradiel kinne fergees fytsles krije. De buertsportcoaches fan de gemeente organisearje dit tegearre mei De Skûle Welzijn. De kursus bestiet út fjouwer lessen en wurdt hâlden fanút Berltsum. Der wurdt ferwachte dat de kursisten der alle kearen binne en sels foar in fyts soargje. De earste les is op 5 july. Minsken dy't mear ynformaasje hawwe wolle, kinne kontakt opnimme mei de gemeente. 

(advertinsje)
(advertinsje)