Boargemaster Veenstra wol ôf fan 'klok-en-klepel-ferhalen'

10 jun 2017 - 20:28
Fred Veenstra - Foto: Gemeente De Fryske Maren

De gemeente De Fryske Marren moat in eigen gemeentlik magazine krije, dat ien kear yn de moanne útkomt. Dat skriuwt boargemaster Fred Veenstra yn syn weblog. neffens him komt it hiel faak foar dat minsken reagearje sûnder dat se krekt witte hoe't it sit. Yn dat magazine kin achtergrûnynformaasje oer allerhande projekten komme te stean. Ek kinne fraksjes de boargers ynformearje oer wêr't se mei dwaande binne.

Neffens Veenstra soe dit in goede wize wêze kinne, foaral no't se fernimme dat lokale media minder mooglikheden hawwe om dy achtergrûnynformaasje te jaan. Ynformaasje soarget foar belutsenens en begryp en dêr wurde alle partijen better fan.

(advertinsje)
(advertinsje)