Mei in lege mage dochs de Midsimmercup winne

10 jun 2017 - 19:12

De winners fan it fuotbaltoernoai de Midsimmercup yn Dronryp diene dat op in lege mage. De spilers fan VV Pelikaan-S út it Grinzer Oostwold binne nammentlik allegear moslim en hâlde har oan de Ramadan. Dat betsjut dat se net ite en drinke meie salang't it dei is. Se wûnen de finale fan Wyckels Hallum.

By de froulju bleau de winst wol yn Fryslân, de froulju fan VIOD út Driezum wûnen it toernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)