Auto rekket fan de A32 yn de sleat, bestjoerder ferwûne

10 jun 2017 - 19:02

Op de A32 by Aldeholtwâlde is sneontemiddei in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. De bestjoerder rekke dêrmby ferwûne en is behannele troch it personiel fan de ambulânse. De oproppen traumahelikopter hoegde net yn aksje te kommen. It slachtoffer koe sels út de auto komme. In berger hat de auto út de sleat lutsen.

De oarsaak fan it ûngelok is net bekend.

Trefwurden: 
A32 Aldeholtwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)