Partoer Van der Bos wint frije formaasje yn Broeksterwâld

Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening © Henk Bootsma
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra pakte ek yn Broeksterwâld de winst yn de frije formaasjepartij. Fan de fiif partijen dy't no ferkeatst binne, wûnen sy no fjouwer. Yn de finale stiene se tsjinoer it partoer fan Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Evert Tolsma, dy giene der mei 5-3 en 6-2 ôf.
De lytse preemje gie yn Broeksterwâld nei it partoer fan Enno Kingma, Pier Piersma en Jouke Bosje.Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening.