Kuorballers LDODK nei de finale fan de eareklasse

10 jun 2017 - 18:09

LDODK hat sneon mei in 22-18-oerwinning op PKC foar it earst yn de kluphistoarje de finale fan de eareklasse berikt. PKC wie de grutte favoryt, mar LDODK pakte direkt de foarsprong. Dêrnei gie it oant 5-5 lykop. Doe sloech PKC in lyts gatsje nei 8-5 mar LDODK begong mei sukses oan in ynhelrace en kaam sels foar mei 10-8. Dat wie ek de rêststân.

Nei rêst gie LDODK op deselde wei troch en rûn út nei 12-9 foar. PKC koe noch weromkomme oant 13-12 mar LDODK liet se net tichterby komme en boude foarsprong opnij út ta de einstân fan 22-18. De wichtige mannen fan dizze wedstriid wiene André Zwart en rûtinier Friso Boode. By de froulju wie Femke Faber belangryk.

LDODK moat it nije wike yn de finale opnimme tsjin Blauw Wit Amsterdam. Dizze wedstriid wurdt op neutraal terrein spile op de fjilden fan DVO yn Bennekom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)