Nije rige keunstsinnige húskes presintearre

10 jun 2017 - 17:15
In oantal fan de ûntwerpen - Foto: www.verno.nl

Op it Promised Land Festival yn Ljouwert is de nije rige keunsthúskes presintearre. Studinten fan de ROC Friese Poort, Friesland College, Stenden, NHL en Van Hall Larenstein hawwe de ôfrûne moannen de mobile wc's ûnder hannen naam. Ien fan de hichtepunten fan it projekt is it brûken fan sinne-enerzjy.

De studinten wolle mei it projekt minsken wize op duorsumens en de kringloop fan it miljeu. Op ien fan de húskes stiet dan ek "enerzjy opwekke dochst sels". De húskes binne de hiele simmer yn de provinsje te sjen en der kin stimd wurde op it moaiste ûntwerp.

Trefwurden: 
keunst wc's húskes
(advertinsje)
(advertinsje)