Stoarm en kjeld wurde piken yn de Warkumerbûtenwaard fataal

Yn de Warkumerbûtenwaard sneuvelen in soad piken © Henk Bootsma
Troch de stoarm fan de ôfrûne wike binne ek yn de Warkumerbûtenwaard in soad jonge fûgels omkaam. Troch it opstowen fan it Iselmarwetter strûpte de waard der foar in grut part ûnder. De kombinaasje fan dat wetter en de kjeld is neffens it Fryske Gea in soad piken fataal wurden.
Yn de waard briede net allinnich greidefûgels, mar ek koloanjefûgels lykas de klút, blaustirns en kobben. Gewoanwei binne de de stoarmen earder yn it jier en is der minder skea.