Konflikt oer nije webside Friesland Style

10 jun 2017 - 16:15

Undernimmer Albert Hendriks fan reisorganisaasje Friesland Holland Travel Service is net te sprekken oer Merk Fryslân. Merk Fryslân is it marketingburo fan de provinsje en dy hie oan Hendriks frege om arranzjeminten oan te leverjen foar de nije webside Friesland Style. Hendriks stimde dêr mei yn en in meiwurker fan him hat trije dagen wurk hân om de arranzjeminten mei foto's en in ferhaal foar de webside te meitsjen. 

Direkteur fan Merk Fryslân Martin Cnossen hat neffens Hendriks, sûnder oankundiging ynienen 24 fan de 34 arranzjeminten fan de webside helle. De reden dy't hy dêrfoar te hearren krige wie dat Friesland Holland op de side te bot oanwêzich is yn in fjild, dêr't oaren gjin arranzjeminten foar ûntwikkelje.

Neffens Martin Cnossen fan Merk Fryslân wol de nije webside alle ûndernimmers de kâns jaan om arranzjeminten te pleatsen. As ien ûndernimmer der dan 34 arranzjeminten op set, is dat wol in hiel soad. Dat ferbrûbelet de webside, dy't bedoeld is foar yndividuele ûndernimmers. Hy fynt dat Merk Fryslân mei it pleatsen fan tsien arranzjeminten Hendriks royaal yn 'e mjitte kommen is.

(advertinsje)
(advertinsje)