Bokje út wetter rêden; mar wêr moatte je der dan mei hinne?

© Kappers Media
Brânwachtminsken ha freedtejûn in bokje út it wetter rêden by de bernebuorkerij yn Ljouwert. Dat wie samar klear. It bokje kaam nei se ta swimmen, en se koenen him by de hoarnen pakke en út it wetter lûke. Mar wêr moatte je der dan mei hinne?
De behearder fan de bernebuorkerij wie net berikber, by him koe allinne in voicemail ynsprutsen wurde. De diereambulânse koe ek net helpe. It bokje is fee, en dat kinne se net ophelje. Plysjes binne nei it hûs fan de behearder riden, mar dêr waard net iepen dien. Lang om let bliek der ien yn in hûs tsjinoer de bernebuorkerij te wêzen dy't in kaai hie. Se hat it bokje nei in stâl brocht, sadat er wer opwaarmje koe.
Dat it bokje yn it wetter lei, waard ûntdutsen troch in man dy't mei regelmaat op jûntiid de skiep bôle fuorjen komt. Hy miste it bokje. In foarbygonger sei dat er in plûms heard hie. Sa kaam it dat de man it bokje yn de sleat lizzen seach. Hy belle fuort en daliks de brânwacht.