Joop Mulder: "Oerol is wol wat út de hân rûn"

10 jun 2017 - 12:28

It wie earst wol dreech om it Oerol-festival út hannen te jaan, seit Joop Mulder. Hy stie 35 jier lang oan it roer fan it festival, dat er as kafébaas sels betocht en oprjochte hat. Dit jier hat er it oerdroegen oan Kees Lesuis.

Loslitte

"Loslaten was niet altijd even makkelijk, maar ik was de afgelopen jaren al langzaam bezig om Kees op zijn plek te krijgen. Hij heeft het Oerol-DNA. En met Marelie van Rongen is ook het creatieve, artistieke deel gewaarborgd."

Út de hân rûn

Mulder hie fantefoaren noait tocht dat it festival sa grut wurde soe. "Absoluut niet. Toen het begon hadden we als doel om het vijf jaar vol te houden. Dat het zo uit de hand zou lopen, in positieve zin, dat had niemand verwacht. Maar het is wel heel mooi dat Oerol zich zo ontwikkeld heeft."

Ofskied

It Oerolpublyk nimt dit wykein ôfskied fan Joop Mulder, en Mulder ek fan it Oerolpublyk, mar hy is net fan it eilân ôf te slaan. "Ik ga deze week een aantalvoorstellingen bekijken, rondtoeren op het eiland, en ik geef ook rugdekking aan de organisatie. Waar ik nodig ben, spring ik dit jaar nog in."

Takom jier

Mulder hâldt op by Oerol sadat er him folslein rjochtsje kin op it lânskipsprojekt Sense of Place, dat heart by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. "Volgend jaar zal ik Oerol wat meer van een afstandje bekijken. Dan is het 2018, en dan heb ik het smoordruk aan de wal, om alles op orde te krijgen. Maar het zou goed kunnen dat ik in juni 10 dagen vakantie neem. Lekker naar Oerol."

Kompliminten

In protte minsken wolle Mulder persoanlik betankje, omdat Oerol in soad foar se betsjut. "Het mooiste compliment dat ik kan krijgen, is dan mensen zeggen: 'Ik kom hier nog steeds, en ik kom hier volgend jaar weer.' De reacties zijn hartverwarmend. Mensen zijn heel enthousiast over wat Oerol voor ze betekent."

Trouwe

"Er zijn zelfs mensen getrouwd vanwege Oerol. Mensen die elkaar hier ontmoet hebben, en dan ook hier willen trouwen. Ik ben al een paar keer gevraagd of ik geen getuige wolde worden. Midden in Oerol. Nou, dat is wel een beetje onhandig. Ik kan daarvoor niet zomaar een halve dag vrij maken. Dat wil ik ook helemaal niet. Maar het zegt wel alles over het Oerol-gevoel."

Trefwurden: 
Oerol Joop Mulder Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)