Hûndert nije wenningen yn âlde seefeartskoalle

Yn de kampus fan de seefeartskoalle op Skylge komme hast 100 apparteminten. It gebou stiet leech, no't de earste- en twaddejiersstudinten fan de maritime akademy yn septimber nei de nije kampus ferhuzje.
Neffens wethâlder Teun de Jong fan Skylge komme der yn de eardere kampus en de twa wenten dêrneist studinten en tydlike meiwurkers fan bedriuwen en de gemeente te wenjen. Der is in grut ferlet fan húsfesting foar dizze groepen.
De gemeente wie oant 2011 eigener fan it ynternaat. Dêrnei naam wenningkorporaasje De Veste de eksploitaasje oer. De gemeente nimt it kompleks no foar hast 3 miljoen euro oer fan De Veste.
Skylge sil it kompleks dan wer trochferkeapje oan in projektûntwikkelder, mei it betingst dat dy der gjin toeristyske bêden yn festigje mei.