Kollum: "Kriminele radio"

10 jun 2017 - 08:20

Under it kopke opmerklik nijs: radiopiraten wurde mei de dei krimineler. Taalkundich siet dat der altyd al oan te kommen. Piraat hat in oantal betsjuttings, it is in Belgysk bierke of in stik knalfjoerwurk, mar de measte minsken sille it wurd assosjearje mei de see.

Piraten binne eins platwei misdiedigers dy’t skippen interje en oerfalle. Mar it byld dat we derfan ha is troch de literatuer en filmyndustry wol bot romantisearre. Johnny Depp yn Pirates of the Caribbean wurdt brocht as in aventoer, je sjogge net daliks de rauwe werklikheid. In ring troch it ear, in lapke foar ien each en in houten skonk, dat is it byld dat we by piraten ha. Mar it kin ek oars, sa as dy yn de film Captain Phillips dy’t krekt lyn noch op televyzje te sjen wie. Dy film jout in hiel oar ynsjoch, Somalyske mannen dy’t swier bewapene mei AK 47 automatyske gewearen en ûnder ynfloed fan it ferdôvjende qat it grut frachtskip kape om losjild te krijen. Mochten jim dy film net sjoen ha, doch dat dan mar ris, it is ek noch basearre op in wier bard ferhaal.

Dy piraten binne dus wreed. En dat ferwachtsje je net daliks fan radiopiraten. Ik net, teminsten. Radiopiraten binne foar my hobbyisten. Geweldleaze, jeuzeljende en smertlappen draaiende mannen dy’t om it hertsje ‘Kom der maar in hoor’ sizze. Gjin idee werom’t se dat sizze, mar dat dogge se. Dat byld roppe se by my noch altyd op. De muzyk dy’t se altyd draaiden as se harren even stilholden wie fan Corry en de Rekels, Nico Haak en de lokale helden, datsoarte wurk. Soms harke ik der even nei op sneintemoarn, want neffens my wie dat wol in toptiid om te piraten, sis mar. Hoe heger je op de FM bân draaiden, wat mear kreakerige stjoerders je foarby kamen.

Mar, radiopiraterij is ferbean. Dus wurde der geregeld guon út de loft helle. Ik ha totaal gjin lêst fan dy minsken, lit elts syn hobby ha tink ik dan, mar sa leit it lân der net hinne. It is in trochrinnend kat en mûs spultsje tusken de piraten en de plysje.

Dat dêr argewaasje fan komt is evidint. De piraten ha harren nocht derfan dat se harren stjoerders alle kearen wer kwyt binne. ‘De romantiek is er wel af,’ sa sei topman Derksen fan it Agentschap Telecom, dat de yllegale stjoerders opsiket. Ja, logysk. Wat wolle je ek mei bekeurings oant 45.000 euro. Dan soe ik ek it smoar yn ha. De piraten steure mei harren sinjaal oare stjoerders dy’t foar harren frekwinsje betelle ha, ek plysjestjoerder C2000 skynt der lêst fan te hawwen. Dus mei it net. Ik wit noch dat der ergens in piraat sûnder it sels te witten de lûdynstallaasje fan in tsjerke hackte en doe siet de gemeente samar nei Vader toe drink niet meer fan de Zangeres zonder Naam te lústerjen. Tige iepenbierjend op sneintemoarn. 

De piraten barrikadearje op guon plakken harren hûzen en beskermje de apparatuer mei bygelyks asbestplaten. Ja, jim hearre it goed. Ek wurde de ynspekteurs soms bedrige as se op ynspeksje komme om foar de safolste kear deselde piraat út de loft te heljen. It is my wat. Asbestplaten as ôfskrikwekkend middel. Neffens my jout dat no krekt oan dat dy radiopiraten eins net sa ferkeard binne. Asbestplaten binne nammentlik totaal net gefaarlik as se stil lizze. Pas as se oan grom slein wurde, dan moatte je der om tinke.               

(advertinsje)
(advertinsje)