Plysje kontrolearret hûnderten bestjoerders, acht oanholden

In eardere ferkearskontrôle © Anton Kappers
De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon acht minsken oanhâlden. By in alkoholkontrôle waarden 731 bestjoerders kontrolearre. Fiif fan dy bestjoerders hiene te folle drank op.
Twa minsken hiene sels safolle drank hân, dat it rydbewiis ynnaam waard. De oare drankriders krigen in proses-ferbaal, of moatte harren melde foar in ferkearskursus. Fierder binne trije bestjoerders oanholden omdat se te hurd rieden, gjin rydbewiis hienen, of rieden sûnder helm wylst dat wol moast.