Grien Lintsje foar Chantal Melching út Ljouwert

09 jun 2017 - 21:53

Chantal Melching út Ljouwert hat freed it Griene Lintsje fan PAL GrienLinks krigen. Se krige it lintsje foar har grutte ynset om de stêd griener en duorsumer te meitsjen. Mei it Griene Lintsje wol de partij ynwenenrs of projekten dy't in duorsume bydrage leverje, yn it sintsje sette. Chantal Melching hat bygelyks it stik grûn achter it gebou dêr't se wennet omfoarme ta in tún, sadat it no in moetingsplak foar de buert is. Ek is se belutsen by de aksje Operatie Steenbreek, dy't wol dat minsken minder stiennen en mear grien yn de tún dogge. Se hat ek noch in plan om in nuttich ytkafee op te rjochtsjen, dêr't iten klearmakke wurdt fan guod dat oars fuortsmiten wurde soe.

Behalve Melchig wiene ek Janco Heida fan de Streekboer, Pytsje van der Hem, de Stichting Dorpstuin Snakkerburen, it projekt Kening van de Greide, de Doarpsmûne Reduzum, Snoek Hoveniers út Grou, Bouwe de Boer, Marijke Luring, De Groene Apotheek en Agnes Bakker nominearre.

(advertinsje)
(advertinsje)