Stoarm soarget foar slachting ûnder earrebarrepiken

09 jun 2017 - 19:37

De stoarm fan de lêste dagen hat foar in soad slachtoffers ûnder de earebarrepiken soarge. Stichting It Eibertshiem, dy't him ynset foar it yn stân hâlden fan it tal earrebarren, hat inkelde tsientallen deade piken fan de nêsten by Beetstersweach en Earnewâld helle.  Yn Beetstersweach telden se 28 deade piken.

Neffens de stichting hat it noch nea sa slim west. De noch libjende lytse earrebarren binne freed troch meiwurkers fan de stichting ringe.

Trefwurden: 
earrebarren It Eibertshiem
(advertinsje)
(advertinsje)