Wrak fan bommewerper yn Alde Feanen wurdt burgen

09 jun 2017 - 18:03

Begjin septimber wurdt yn natoergebiet De Alde Feanen begongen mei de berging fan it wrak fan in Ingelske Lancaster bommewerper út de Twadde Wrâldoarloch. It tastel is 75 jier lyn troch de Dútsers út de loft sketten.

De berging is noadich omdat it gebiet fersmoarge is en sanearre wurde moat. De kâns bestiet dat de stoflike resten fan ien of twa militêren noch yn it tastel sitte. It is in earesaak om dy te bergjen seit majoar Aalbers fan de loftmacht.

(advertinsje)
(advertinsje)