Dosinten dûke de praktyk yn by Friso Bouwgroep

09 jun 2017 - 16:26

Dosinten fan de ôfdieling bou fan ROC Friese Poort yn Snits rinne de kommende tiid mei by bouprojekten fan de Friso Bouwgroep. Doel is om mear te learen oer de nijste boutechniken, sadat se der wer hielendal mei op de hichte binne en it oerdrage kinne oan de learlingen.

Tagelyk spikerje de dosinten de learmasters fan Friso by oer hoe't se de learlingen dy't staazje komme te rinnen it bêste begeliede kinne. It is ek de bedoeling om de dosinten en learmasters foar langere tiid oan elkoar te keppeljen, sadat se elkoar dingen learen bliuwe kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)