Grinsrjochter Erwin Zeinstra by finale op WK ûnder 20 jier

Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân
Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet snein oan de sydline by de finale fan it WK ûnder 20 jier. It skiedsrjochtersteam mei dêryn ek Björn Kuipers en Sander van Roekel hat de lieding oer de finale tusken Fenezuëla en Ingelân. It wurdt de tredde wedstriid foar harren op it toernoai yn Súd-Koreä.
Earder laten se yn de groepsfaze ek de wedstriid tusken Amearika en Ekwador. Yn de achtste finale fluiten se Fenezuëla tsjin Japan. It WK ûnder 20 jier is foar skiedsrjochters in belangryk toernoai mei it each op it grutte WK fan takom jier. Sa wurdt der eksperimintearre mei in fideoskiedsrjochter.