Lêste Oerol mei Joop Mulder: nije priis nei him neamd

Oerol op Skylge is freed wer begûn. It is de lêste kear mei inisjator Joop Mulder. Mar syn namme bliuwt oan Oerol ferbûn troch in nije stimulearringspriis: in fûns foar lânskip-kultuer-talint: de Joop Mulder Plak.
Oerol is ien fan de grutste kulturele festivals fan Europa. En yn de iepen loft en dat hat soms konsekwinsjes. En mei de stoarmige wyn fan de ôfrûne dagen en de bakken reinwetter moasten tintebouwers en artysten wolris fleksibel wêze.
Oerol duorret oant en mei 18 juny. De kommende tsien dagen fytse de besikers oer it eilân foar teäter en muzyk. Der binne 35 foarstellings.