FIDEO: Trije nije findelderagers fan de sport

Sytze Brouwer, Nard Brandsma en Patrick Scheepstra wurde sjoen as de nije findeldragers fan har sport. Fan dizze trije mannen wurdt in soad ferwachte.
Nard Brandsma is favoryt by it fierljeppen. Sytze Brouwer is dit jier de nije skipper op it skûtsje fan Hearrenfean, De Gerben van Manen. En Patrick Scheepstra hat noch net folle wûn by it keatsen, mar dit jier moat echt wol komme.
Hoe sjogge se nei de kommende wedstriden? Kinne se mei de druk omgean en de emoasjes? Yn Fryslân Hjoed prate se deroer.
Patrick Scheepstra: "Ik wol de PC winne, it wurdt heech tiid dat in Frjentsjerter werris de PC wint. De lêste wie Eric Seerden en dat is al fierstente lang lyn."
Nard Brandsma: "Ik wol it Frysk kampioenskip winne en oer de 21 meter springe."
Sytze Brouwer: "Ik wol mei de Gerben van Manen yn de top-9 einigje en yn elk gefal ien wedstriid fan de SKS winne."