Mear stientsjes litte los by stienlaach Waadseedyk

09 jun 2017 - 15:09

Yn de stienlaach dy't mei in soarte superlym fêstmakke is op de Waadseedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum binne mear stientsjes losgien as ferwachte waard. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat, de oannimmer en it ryk. Der is skea ûntstien trochdat der mei kranen oerhinne riden is.

Mar ek troch de wikseling fan heech en leech wetter en troch streaming. Omdat it om in nij produkt giet, wurdt noch mear ûndersyk dien nei de sterkte fan de stienlaach. Sa moat dúdlik wurde oft der ferbetteringen nedich binne.

(advertinsje)
(advertinsje)