Mear ferlet fan opslach duorsume enerzjy

09 jun 2017 - 14:07

De Fryske akkubouwer MG Energy út Ljouwert profitearret fan de groeiende fraach nei opslachmooglikheden foar duorsume enerzjy. It bedriuw dat yn 2009 úteinsette mei twa man hat no tolve minsken yn tsjinst. En freed wurdt in grutter produksjegebou yn gebrûk naam.

MG Energy bout litium akku's foar benammen de yndustriële merk. Uteinlik moat duorsume enerzjy en de opslach dêrfan it oernimme fan fossile brânstof. 

(advertinsje)
(advertinsje)