Stroomsteuring treft Dronryp

09 jun 2017 - 13:41

In tal strjitten yn it sintrum fan Dronryp sit op dit stuit sûnder stroom. Nei alle gedachten is in breuk yn in kabel de oarsaak. Dy is mooglik feroarsake omdat der earder in hâlder foar in peal de grûn yn slein is, dy't de kabel rekke hat. De ôfrûne dagen is dêr reinwetter by kaam.

De breuk waard ûntdutsen troch in groepke skoalbern, dy't in klinker op en del gean seach. Yntusken hat de brânwacht de strjitte iepen groeven. It wachtsjen is no op monteurs dy't de breuk meitsje kinne.

Trefwurden: 
Dronryp stroomsteuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)