Wurkleazens yn Fryslân nimt ôf

09 jun 2017 - 13:33

Yn it earste fearnsjier fan dit jier wiene yn Fryslân 3,6 wurkleazen de fakatuere. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. It tal wurkleazen de fakatuere jout in byld fan hoefolle banen oft der beskikber binne. Yn Grinslân lei it tal beskikbere banen noch leger, dêr stride fjouwer wurkleazen om ien fakatuere. Yn Seelân en Utrecht leit it tal wurkleazen de fakatuere it leechst fan Nederlân, op 1,8. Lanlik leit dit op 2,7 wurkleazen de fakatuere.

De wurkleazens is yn Fryslân omleech gien. Yn it earste fearnsjier lei de wurkleazens op 5,8 persint, wylst dat in jier lyn noch 7,7 persint wie. Fryslân stiet lanlik no yn de middenmoat, ferline jier stiene wy noch yn de top trije fan provinsjes mei de heechste wurkleazens. Yn Grinslân is de wurkleazens it heechst, yn Seelân it leechst.

De delgong fan de wurkleazens yn ús provinsje giet lykop mei in taname fan it tal fakatueres. Der wiene in kwart mear fakatueres yn Fryslân yn fergelyk mei foarich jier. Fryslân sit dêrmei wat groei oangiet op it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
wurkleazens CBS
(advertinsje)
(advertinsje)