"De gewoane man rêde de banken al, no de skoalmasters?"

'De juffen en masters op de basisskoalle fertsjinje better', dat is it útgongspunt foar aksjes yn it basisûnderwiis. Dy aksjes begjinne op 27 juny mei in beskieden staking fan in oerke, mar mei in dúdlik boadskip: it moat oars!
Op de Ljouwerter freedsmerk koe dat boadskip op in soad sympaty rekkenje. Grutte klassen, in soad administraasje en mûnige bern en âlden; dat rint in kear speak, sa wie de teneur. In juf fertelde dat se der alles oan dwaan wol om it foar de bern goed te krijen, mar dat it net tafalt yn klassen mei 35 bern. Benammen as der ek noch kollega's siik binne, dêr't gjin ferfangers foar komme. Mear jild nei it ûnderwiis om it fak oantrekliker te meitsjen is neffens de measten de oplossing. Mar oer wêr't dat jild wei komme moat, wurdt ferskillend tocht: "As gewoane man ha we earst de banken al rêden, moat we no de skoalmasters rêde? Lit earst de multinationals út de Panama Papers mar ris belesting betelje. Ik bin der hielendal klear mei!"