Bakken reinwetter soargje foar oerlêst foar eveneminten

09 jun 2017 - 13:05

It eaze freedtemoarn yn Fryslân: yn de buien spatte it wetter fan de strjitte ôf en húskes koenen it wetter net kwyt wurde. It soarge, mei it wetter dat de ôfrûne dagen ek al fallen wie, foar problemen yn de provinsje.

De trekkeralvestêdetocht rydt mei oldtimers, dus faak sûnder kabine, troch Fryslân. Neffens de organisaasje geane se stûf troch.

Yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert wurde freed de lêste tariedings dien foar in konsert fan Golden Earring en it festival Promised Land dit wykein. De organisaasje leit troch it minne waar achter op skema, mar tinkt dat noch wol yn te heljen. Op it terrein lizze flinke plassen, hoewol't de krekt oanleine drainaazje echte grutte problemen foarkomt. Foar de plassen dy't lizzen bliuwe hat de organisaasje badeintsjes kocht. Foar it konsert fan Golden Earring binne yntusken goed 3.000 kaarten ferkocht.

Op Oerol koe freed de iepeningsfoarstelling net trochgean fanwege it minne waar. It giet om in foarstelling troch Marokkaanske dûnsers dy't op it strân hâlden wurde soe. De foarstelling wurdt middeis ynhelle. 

Trefwurden: 
rein
(advertinsje)
(advertinsje)