Tips foar in suksesfol Oerol

Fytsers op Skylge ûnderweis yn it wiete waar © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ast it wachtsjen yn de rige by de boat yn Harns, de fytseferhier op it eilân en it opheljen fan it entreebantsje op Skylge oerlibbe hast, kin Oerol lang om let begjinne.
Grutte nammen dy’t oars yn skouboargen steane spylje no bûtendoar yn de dunen, de bosk, op it strân of yn in skuorre. Selskippen as Het Zuidelijk Toneel, Toneelgroep Oostpool, NNT, Orkater en fansels ek de Fryske selskippen Tryater en Pier21 geane dy útdaging oan.
Muzyk
Mar Oerol is mear as allinne teäter, want wat is Oerol sûnder muzyk? De Fryske acts Broken Brass Ensemble, Gerrit Breteler, Sväva spylje der, mar ek Jett Rebel, The Kik en The Cool Quest krije grif de fuotsjes fan de flier. Lit dy foaral ek ferrasse troch it strjitteäter. Kinst se fine ast minsken yn in rûnte op strjitte by elkoar stean sjochst.
Ferdjipping is der dit jier ek mei neipetearen en kolleezjes en ferskate rûtes lykas ‘Pluk de dag’ mei twa of trije foarstellingen en in besite oan Ekspedysje-projekten en moetingen wêrby’tst mei oaren praatst oer de foarstellingen. Kinst ek tal fan rûtes kieze en ûnder oare as in skriezepyk troch in ‘Gruttokuiken-Beleefpad’ rinne.
De Westerkeyn is it klopjende festivalhert fan Oerol. Yn de greide by Midslân bart fan alles, lykas konserten, teäterperformances en Oerolkolleezjes. It is ek it plak foar de kaartferkeap, ynformaasje oer it programma. Festivalterrein de Betonning op West is it moetingsplak. Mei útsjoch op see tusken de kleurrike boeien fan Rykswettersteat kinst genietsje fan in grut ferskaat oan muzykoptredens. Mei in hapke en in drankje sjen nei oare minsken, in praatsje meitsje en sels besjoen wurde.
Hoechst op Skylge dan hielendal net mear te wachtsjen? Fansels wol, stiest bytiden ek yn de rige foar it húske en by de taap, mar dat makket it feest inkeld leuker want it is de gelegenheid om in praatsje mei dyn buorman of buorfrou te meitsjen en tips foar foarstellingen út te wikseljen!
En oja, ferjit dyn reinklean net!
Op de nij ûntwikkele app stiet it programma, it lêste nijs, de wizigingen en kinst sjen oft der noch kaarten foar in foarstelling binne. Mei de lokaasjefunksje kinst mei de ‘Vriendenknop’ sjen wêr’t dyn freonen binne. De app is ûntwikkele troch Leander Sikma út Toppenhuzen dy’t by it bedriuw CrowdCaptain wurket. De app is fergees te downloaden.
Oerol is fan 9 oant en mei 18 juny.