Frachtwein rydt boartershûs yn pún op Skylge

09 jun 2017 - 12:35

In frachtwein op Skylge hat by bouwurksumheden in muorre omfier riden. Dêrby hat de frachtwein ek in boartershûs folslein yn pún riden. It barde oan de Westerbuurtstrjitte yn West-Skylge. Bewenster Jacoba Haan seit dat it in grut gelok wie dat de bern net bûten oan it boartsjen wienen, oars hienen de gefolgen folle earnstiger west. De Haan seit dat de frachtwein net op 'e hânrem stie doe't it ûngelok plakfûn. De skea dy't ûntstie, is ôfhannele mei de sjauffeur fan de frachtwein. 

Trefwurden: 
Skylge ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)