'Tiny houses' pleatst yn Hurdegaryp: "In dream dy't útkomt"

09 jun 2017 - 11:42

Hurdegaryp hat der in nije strjitte by. In strjitte mei fiif 'tiny houses'. Dat binne húskes dy't hast enerzjyneutraal binne en super sunich omgean mei wetter. Sa lyts en miljeubewust wenje is in trend dy't oerwaaid is út de Feriene Steaten. En dé dream fan inisjatyfnimmer Gerard Dijkstra. Tongersdei binne de earste trije húskes pleatst, freedtemoarn de lêste twa. Moandei is de offisjele iepening. Dan wurdt ek de namme fan de nije strjitte bekend makke.

Populêr

Tiny houses skine populêr te wêzen by de saneamde 'millennials'. Dat binne minsken berne tusken 1980 en 2000. Mar de tiny houses yn Hurdegaryp binne ek populêr by minsken dy't foar 1980 berne binne. Sa ek Peter (58): "Ik woon nu in Nieuw-Buinen en werk in Damwoude. Dat is überhaupt niet handig. Nu twee vliegen in één klap. Ik woon én dichterbij én milieubewust." Op de fraach oft it hús net te lyts is foar him en syn twa hûnen: "Helemaal niet. Ik heb niet zoveel ruimte nodig", sa seit takomstich bewenner Peter.

27 kante meter

Yn in tiny house hast dyn hiele húshâlden op 27 fjouwerkante meter. Foar guon minsken klinkt dat miskien wat benauwend, mar ek foar inisjatyfnimmer Gerard Dijkstra makket dat neat út: "Ik heb niet zoveel nodig", seit hy. "Geluk zit voor mij in de rust, de natuur en tijd doorbrengen met familie en vrienden." Foar Dijkstra is it in dream dy't útkomt.

Trefwurden: 
tiny house Hurdegaryp
(advertinsje)