Minder ljocht yn Ljouwert

26 okt 2011 - 12:21

Ljouwert wol tsien prosint op de kosten fan de iepenbiere ferljochting besparje. Tûzen ljochtpunten yn de gemeente wurde útset. Dat skeelt ek yn ûnderhâld. De enerzjykosten groeie alle jierren mei goed in prosint. Der is ek mear ljocht nedich om't de stêd groeit. Op in tal plakken kinne oare lampen, lykas LED, brûkt wurde. Alles ferfange troch suniger lampen is net helber om't it te lang duorret foardat it weromfertsjinne wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)