Iepeningsfoarstelling Oerol útsteld fanwege min waar

09 jun 2017 - 10:49

De iepeningsfoarstelling fan Oerol giet net troch. Om alve oere soe op de Noordvaarder teätergroep Halka optrede, mar dat is fanwege de rein en hurde wyn ôfsein. De foarstelling wurdt freedtemiddei ynhelle. Oerol hie de ôfrûne wike al faker lêst fan it minne waar. Sa waaide der ûnder oare in tinte stikken.

Lytsere foarstellings op it eilân gean freedtemoarn wol troch.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)