It Reade Krús siket nije frijwilligers

It Fryske Reade Krús siket sa'n 80 nije frijwilligers. Dêrmei soe it totaal oantal frijwilligers yn Fryslân op 400 komme. Safolle minsken binne nedich om de grutte eveneminten yn de provinsje te begelieden.
Yn it heechseizoen wurde frijwilligers sa'n fjouwer oeren yn de wike ynset as helpferliener by eveneminten yn de provinsje. Dan giet it bygelyks oer festivals sa as Psy Fi en Into The Great Wide Open, mar ek de iepen dagen fan de Fleanbasis en de Maraton fan Snits kostsje in protte ynset.
It Reade Krús begjint fan 't hjerst in grutte kampanje yn Fryslân foar nije frijwilligers. Der binne foaral minsken nedich dy't al in EHBO-diploma hawwe. Dat kinne se fergees ferlinge by it Reade Krús.