Nyk de Vries skriuwt muzikaal Moardspul foar biblioteken

De Fryske skriuwer/muzikant Nyk de Vries skriuwt dit jier de sechsde edysje fan it Moardspul. Yn dizze online wedstryd, organisearre troch de Fryske biblioteken, wurdt in klassike 'whodunit' yn sân dielen publisearre, by de Spannende Boeken Wiken. Foar it ferhaal hat Nyk de Vries, skriuwer fan de bekroande roman 'Renger', him ynspirearje litten troch syn eigen ûnderfinings as muzikant en literêr performer. It Moardspul 2017 spilet him ôf op in muzykfestival yn Fryslân. It is in wrâld dy't De Vries sels goed ken. Troch de jierren hinne stie er op ferskate poadia.
It Moardspul duorret fan 16 oant en mei 25 juny. Lêzers kinne stimme op 'harren dieder' en meitsje kâns op prizen. Dêrûnder binne kaartsjes foar muzykfestival Welcome to the Village. It spul waard earder skreaun troch û.o. Bart Kingma, Marion Pauw en Elfie Tromp.
Ofrûne jier wûn de yn Noardbugum berne skriuwer mei 'Renger' de Piter Jelles Priis. Fan de roman, dy't sawol yn it Nederlânsk as it Frysk ferskynd is, waard ek in harkspul útstjoerd fia VPRO-radio.