Kollum: "Bleate boarsten"

09 jun 2017 - 08:33

"Bleate boarsten yn ‘e Prinsetún as protest tjsin de ûngelikens tusken it manljus- en frouljusboarst. Om it taboe troch te brekken fan bygelyks boarstfieding jaan yn it iepenbier of net in bh drage. En it is net earlik dat manlju simmers wol gewoan mei in bleat boppeliif oer de dyk rinne kinne en froulju net.

Ik lies it en liet in djippe sucht. It earste dat ik tocht, wie dat dêr wierskynlik in moai swikje drûchgeilers op ôf komme en ik bin benijd wa’t allegear mei de kninen los rûn huppelje wol. Ik yn alle gefallen net.

Ik begryp soks net sa goed, want manlju en froulju binne net gelyk en dat sille se hooplik ek noait wurde. Gelikense rjochten is wat oars, mar as it oer it neakene liif fan in frou giet dan witte je no ien kear wol dat it de measte mannen wol bekoare kin. Dêr kinne se fierder ek neat oan dwaan, dat regelje de hormoanen.

Dy hawwe froulju ek by ’t soad. Sa’t wy nei de kast dirigearre wurde om in fretfeest te hâlden omdat wy bygelyks ûngesteld wurde moatte, sa wurde de eagen fan in man automatysk nei de bleate boarsten fan in frou lutsen. En dat de measte froulju net sa gau fan’t sintrum binne fan manlju mei in bleat boppeliif, komt omdat dy ornaris de six-pack achter op de fyts hawwe.

Wy binne no ien kear wat kritysker, tink ik. Foar in bierbúk draaie wy de holle net sa gau om. En as der in frou mei bleate boarsten oer de dyk rinne soe, seach ik dêr ek nei. Mar stel dat de Chippendales no mei in bleat boppeliif troch de Prinsetún drave soene, dan kinne in hiele soad froulju har ek net gedrage.

Ik ha altyd boarstfieding jûn. Oeral, as it moast. It makke my neat út, mar dan al op in manier dat net eltsenien dêr fan mei genietsje koe. En wêrom soe soks eins altyd mar kinne moatte? Ik fyn ek neat oan it útsicht fan boarsten dy’t opsichtich ferpakt binne yn sa’n touwtsje bh, mei in dekolletee dêr’tst in faas blommen yn sette kinst. Mar ik kin my yntinke dat in man dêr miskien oare gedachten by hat.

En yn sa’n rare maatskippij libje wy dochs hielendal net wat sokke dingen oangiet? By de optredens fan Normaal lieten se de boarsten ek sjen en topless yn ‘e sinne lizze is hjir ek gjin probleem. Dus wat it no eins it probleem, freegje ik my dan ôf. Miskien is dat wol gewoan it hawwen fan fatsoen… of net.

De minsken dy’t fatsoenlik binne, soargje net gau foar problemen. As je as frou it fatsoen ha om de klean oan te hâlden yn ‘e simmer, dan hawwe de manlju wol it fatsoen om dy mei rêst te litten. En ik ha ek werklik noch noait in rare opmerking krigen doe’t ik boarstfieding joech.

Fansels sille der kloatsekken by wêze, mar ûnderskat de froulju net. Gean foar de aardichheid mar ris nei in optreden fan de Chippendales ta, dan meist de earkleppen wol meinimme, sa hurd raze en fluitsje se. It leit him neffens my dus net allinnich mar oan ‘e mannen.

Froulju dy’t healneaken oer de dyk rinne, dogge dat faak echt wol om oandacht te krijen. In man sil dan miskien fluitsje mar soe er dat net dwaan, dan is it wierskynlik ek noch hiel teloarstellend. Lokkich libje wy yn in frij lân dus wa’t op 15 juny al topless troch de Prinsetún huppelje wol, moat it sels mar witte. It is grif in fleurich gesicht."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)