Trekkeralvestêdetocht yn 'e streamende rein úteinset

09 jun 2017 - 08:20

Yn 'e streamende rein is freedtemoarn yn Ingelum de 23e Trekkeralvestêdetocht úteinset. Yn twa dagen tiid ride in lytse 300 âlde trekkers de tocht fan 240 kilometer by alle Fryske alve stêden del.

De tocht wurdt yn twa dagen ferriden, mei de start, de oernachting en de finish yn Ingelum. Freed wurdt it súdlike part fan de rûte riden, lâns Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum en Boalsert. Sneon ride de trekkers fanút Ingelum troch it noarden fan de provinsje, lâns Frjentsjer, Harns, Dokkum en Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)