Skylge wer yn de ban fan Oerol

09 jun 2017 - 07:52

Kultuerleafhawwers kinne de kommende tsien dagen wer telâne op Skylge foar de 36e edysje fan Oerol. Fan freed ôf feroaret it Waadeilân yn in grut poadium foar teätershows, strjitteäter, muzykoptredens, dûns, lânskipskeunst en ekspedysjes.

Oerol nimt sneon ôfskied fan oprjochter en kreatyf direkteur Joop Mulder, dy't earder dit jier bekend makke dat er der mei ophâldt. By it 'Feest der Verandering' wurdt Mulder troch hûnderten blazers fan it eilân 'ôfblazen'.

Omrop Fryslân docht de kommende tsien dagen wiidweidich ferslach fan it festival op Skylge. Dit is te folgjen op radio, telefyzje en ynternet.

Trefwurden: 
Oerol Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)