Gjin Gouden Strop foar skriuwster Anita Terpstra

Skriuwster Anita Terpstra fan Ljouwert hat misgrepen by de ferkiezing fan de Gouden Strop, de priis foar de bêste Nederlânsktalige spannende roman fan 2016. It boek 'Tot stof' fan Felix Weber wûn de earste priis.
De oare nominearre titels wiene 'Handschrift van de duivel' fan Donald Nolet, 'Later als ik dood ben' fan Ilse Ruijters, 'Nemesis' fan Simon de Waal en dus 'Samen' fan Anita Terpstra.