"Buorden op Fryske autodiken moatte better"

De beweiwizering lâns de Fryske autodiken kin en moat folle better. Dat seit de steatefraksje fan it CDA. Minsken dy't hjir net sa faak komme, kieze noch wolris foar âlde, ôfwurdearre diken yn plak fan foar de Sintrale As.
Mear plakken op de buorden
Steatelid Wendy Zuidema fan Minnertsgea pleitet der ek foar om mear plakken op de buorden oan te jaan. Se fynt it bygelyks mar nuver dat yn Ljouwert gjin inkelde weiwizer te finen is dy't it paad wiist nei Snits. De measte Friezen wite Snits sa wol te finen, mar frjemden of bûtenlanners kinne oan de buorden oan de dyk net sjen of se no it bêste oer Boalsert, oer It Hearrenfean of oars Harns ride kinne.
Net oer lytse dykjes
Minsken dy't nei Skiermûntseach wolle, moatte al fanôf It Hearrenfean ferwiisd wurde nei Drachten en nei de Sintrale As. Neffens it CDA is it ek foar de ferkearsfeiligens fan grut belang om it beropsferfier oer de haadrûtes te stjoeren. Oars bedarje de frachtauto's mooglik op lytse dykjes, dy't dêr net foar bedoeld binne.
It CDA fynt dat Deputearre Steaten harren ynspanne moatte om mear ferkear oer de haaddiken te stjoeren. It CDA krijt geregeld klachten oer minder dúdlike beweiwizering en sil hjir Deputearre Steaten fragen oer stelle. Frou Zuidema fynt dat de provinsje dêr mei oan de slach moat. Ek liket it har om goed idee om in meldpunt te iepenjen dêr't weibrûkers telâne kinne mei klachten of suggestjes.