Drachtster ferkeapet harddrugs oan minderjierrigen

08 jun 2017 - 21:01

De plysje fan Drachten hat in 34-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanhâlden foar it ferkeapjen fan harddrugs. De fertochte woe op 2 juny harddrugs slite oan in minderjierrige jonge. It is net foar it earst dat de man oanhâlden is. Yn maaie waard er ek al ris pakt foar it ferkeapjen fan GHB. Ek hie er doe xtc-pillen, pûdsjes speed en in pûdsje MDMA-kristallen by him. Hy waard lykwols wer frijlitten.

De rjochter-kommissaris hat woansdei it beslút naam om de man no yn alle gefallen noch fjirtjin dagen fêst te hâlden. Der binne yn de saak meardere fertochten heard. 

Trefwurden: 
harddrugs GHB xtc speed MDMA
(advertinsje)
(advertinsje)