Finzenisstraf easke foar trio mei famkes fan 13 en 15 jier

08 jun 2017 - 20:07

In 21-jierrige man út Drachten moat mooglik seis moanne de sel yn foar seks mei twa minderjierrige famkes tagelyk. De offisier fan justysje easke dy straf om't de famkes op it momint fan de seks yn 2015 noch mar 13 en 15 jier âld wiene. It jongste slachtoffer soe twongen by de man op bêd west hawwe. Mar ek al wie alles mei tastimming bard, dan wie it noch strafber, sa sei de offisier. De Drachtster sei dat er de famkes nea frege hat hoe âld oft se wiene. Hy hie se âlder ynskat.

Shirt stikkenskuord

De fertochte wie mei de famkes nei in freon gien, dêr't se wat dronken hiene. Dêrnei binne de slachtoffers mei de man nei hûs ta gien. Neffens it jongste slachtoffer soe de man har fêsthâlden hawwe, en soe er de doar fan de sliepkeamer op slot dien hawwe. Ek soe er har shirt stikkenskuord hawwe. De rjochter docht op 22 juny útspraak. 

Swiere mishanneling

De seks mei minderjierrigen wie lykwols net it iennige dêr't de 21-jierrige Drachtster foar foarkomme moast. Yn juny ferline jier soe er ek in man swier mishannele hawwe. It slachtoffer soe troch de fertochte delslein wêze, wêrnei't in oar him tsjin de holle skopte. Dêrtroch wie de eachkas fan it slachtoffer brutsen. Hy hie in swiere harsenskodding en de wangbonke op fjouwer plakken stikken. Neffens de fertochte wie er lilk wurden om't it slachtoffer oan syn freondinne sitten hie. 

Ferslavingssoarch

It is net foar it earst dat de Drachtster foar geweldssaken foar de rjochter komme moast. Hy hie noch twa wiken selstraf ûnder betingst boppe de holle te hingjen. De offisier wol no dat er dy straf ek útsit. Dêrnjonken wol de offisier ek dat de Drachtster ûnder tafersjoch fan ferslavingssoarch komt, en dat er him behannelje lit troch in forensysk psychiater. 

Trefwurden: 
justysje Drachten seks
(advertinsje)
(advertinsje)