Marrit helpt mei: winst foar follybalfroulju yn Montreux

Marrit Jasper yn har Snits tiid (hjir op argyfbyld) © awfoto.nl
De Nederlânske follybalfroulju, mei yn it team Marrit Jasper út Snits, hawwe tongersdei de earste oerwinning behelle by de Montreax Masters. De ploech fan bûnscoach Jamie Morrison fersloech it thúslân Switserlân mei 3-1. Oranje ferlear de earste set, mar kaam dêrnei sterk werom: 25-14, 25-18 en 25-20.
It Nederlânske team koe it earder fan 'e wike krekt net winne fan Argentinië en Sina. Beide kearen ferlearen se mei 3-2. Oranje stiet no mei fiif punten foarearst op plak 2 yn groep A, achter Sina. It team fan trainer Jamie Morrison wit pas freedtejûn oft dat genôch is foar in plak yn de heale finales. Dy stean foar sneon op de aginda. Snein binne dan de finale en de wedstriid om it brûns.