Wethâlder iepenet taalklasse foar 18+statushâlders

08 jun 2017 - 18:56

De ynternasjonale skeakelklasse (ISK) fan skoallemienskip Singelland yn Drachten is begûn mei in spesjale taalklasse foar jonge flechtlingen boppe de 18 jier. Dêr sitte njoggentjin jonge statushâlders yn dy't yn in heal jier tiid klearstoomd wurde om troch te streamen nei in reguliere oplieding of nei wurk. De spesjale 'perspectiefklas' waard tongersdeitemiddei iepene troch wethâlder Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân.  

Jonge statushâlders hawwe neffens Van der Horst in triuwke yn de rêch nedich, sadat se better it paad fine kinne yn de Nederlânske maatskippij. Omdat der gjin oanbod wie foar dy groep, drige it gefaar op isolemint en lang yn in útkearing sitte. De gemeente Smellingerlân en de skoalle binne mei it inisjatyf begûn, omdat se seagen dat de groep jonge statushâlders sûnder al te folle perspektyf de lêste tiid groeit. 

De earste groep fan njonggentjin dielnimmers krijt op dit stuit in spesjaal yntroduksjeprogramma fan fjouwer wike. Dêrnei wurdt foar elke dielnimmer apart besjoen wat it meast gaadlike ferfolch is.  

(advertinsje)
(advertinsje)