Gemeentlike lêsten Weststellingwerf bliuwe sawat gelyk

Gemeentehûs Weststellingwerf © Gemeente Weststellingwerf
Ynwenners fan Weststellingwerf binne takom jier like folle kwyt oan gemeentlike lêsten as dit jier. Dat stiet yn plannen fan de gemeente foar de kommende jierren. De rioelheffing giet wol in bytsje omheech, mar om dat te kompensearjen giet de ûnreplikesaakbelesting wat nei ûnderen.
Oare lokale heffingen en belestingen bliuwe gelyk. Dan giet it bygelyks om fergunningen en de entree foar it swimbad.